Fakânsjehûs Oer it Fjild: romte en rêst oan de âlde seedyk
Oer it Fjild: de namme seit it al. It fakânsjehûs leit oan de Ternaarderdyk, oan de foet fan in âlde seedyk krekt bûten Holwert, tusken bou- en greidlân. In plak foar wa’t de drokte ûntflechtsje wol en hâldt fan it plattelân en it Waadgebiet. Sa no en dan rydt der in trekker lâns: jo wenje tusken de boeren.
It hûs is reekfrij en hat plak foar maksimaal seis persoanen yn trije sliepkeamers. Der is in rom wenkeamer mei in lúkse iepen keuken mei ûnder oaren in ôfwaskmasine en ynduksjeplaat, en dêrby in waskmasine, droeger, smart-tv en fergese wifi. De bêden binne by oankomst opmakke; bêdlinnen en handoeken binne ynbegrepen. Bûten hawwe jo in eigen tún mei oerdekt terras, flonder, picknicktafel en barbecue. Fytsen steane yn in ôfsluterbere skuorre en e-bikes kinne jo opladen. Gasthear en gastfrou Harry en Aryette Anjema wenje dernêst.
De boat nei Amelân leit op fytsôfstân, krekt as it doarp mei supermerk en horeka. Húsdieren meie net.
Praktysk
Adres: Ternaarderdyk 13, 9151 AD Holwert
Telefoan: 06 30 87 90 05
E-mail: info@oeritfjild.nl
Webside: oeritfjild.nl
Te hier per wike, midwike of wykein; yn july en augustus allinne per wike. Aktuele prizen en beskikberens op de webside.

